printLogo

Wa wurdt de nije kommissaris

Uitgelicht

Friezen: kommissaris fan de Kening moat hurdwurkjende brêgebouwer wêze

Neffens de Friezen moat de nije kommissaris fan de Kening foaral de belangen fan Fryslân yn Den Haach en Brussel behertigje. De kommissaris moat de Fryske taal en kultuer útdrage en soargje dat de foarsjennings yn Fryslân op in heech nivo bliuwe. Hja ferwachtsje ek dat de nije kommissaris boppe de partijen stiet en in soad gesach hat. Dat komt út de enkête dy’t Provinsjale Steaten holden hawwe. De Steaten nimme de opmerkings mei by it bepalen fan de eigenskippen fan de nije kommissaris. Der binne 552 reaksjes ynkommen.

De wichtichste opdracht foar de nije kommissaris is neffens de Friezen soargje dat de foarsjennings yn Fryslân op in heech peil bliuwe. Koart dêrnei folge troch Fryslân nasjonaal en ynternasjonaal op de kaart sette wolle. Soargje foar mear wurkgelegenheid wurdt ek tige wichtich fûn. In grutte mearderheid fynt politike kleur net ynteressant. De nije kommissaris fan de Kening moat him ek dwaande hâlde mei de provinsjale polityk en de provinsjale tsjinstferliening goed organisearje.

Mear as de helte fan de minsken dy’t reageard hawwe jout in tip. De tips fariearje fan it sprekken fan de Fryske taal oant de oanmoediging om as Noarden mei-inoar oplûke te bliuwen. In tal kearen wurdt frege om te kiezen foar in froulike kommissaris fan de Kening.

Fryslân siket om in nije kommissaris fan de Kening, sykje jo mei?

De provinsje Fryslân siket om in nije kommissaris fan de Kening. Provinsjale Steaten fan Fryslân wolle graach oant 1 septimber fan alle ynwenners fan Fryslân hearre oan hokker eigenskippen oft de nije kommissaris foldwaan moat. De Steaten binne benijd oft jo bygelyks fine dat de nije kommissaris foaral yn Fryslân oan it wurk wêze moat. Of moat de kommissaris foaral de belangen fan de Friezen fertsjintwurdigje yn Den Haach of Brussel? 

De útkomsten fan de enkête wurde meiwoegen by it meitsjen fan de profylskets foar de nije kommissaris. Dat is in oersjoch fan eigenskippen dêr’t de nije kommissaris oan foldwaan moat. Dy profylskets wurdt yn de Steategearkomste fan 28 septimber fêststeld troch Provinsjale Steaten en oanbean oan minister Plasterk. Dêrnei stelt de minister de fakatuere iepen en komt er mei kandidaten.

Mear witte oer taken fan in Kommissaris fan de Kening?

Hjirûnder fine jo in oersjoch mei taken dy’t in kommissaris útfiert, mei hjir en dêr foarbylden.

Taal Kiezen