printLogo

De kommissaris as fertsjintwurdiger fan it Ryk

De kommissaris hat ûnderskate taken as fertsjintwurdiger fan it ryk. Dy wurde yn de saneamde ‘Ambtsinstructie‘, útwurke. Dêr stiet ûnder oare yn dat de kommissaris de gearwurking yn Fryslân befoarderet tusken ryks-amtners en minsken dy’t by de kriichsmacht wurkje en tusken dy funksjonarissen en it provinsjaal bestjoer, de gemeentebestjoeren en de wetterskipsbestjoeren. De kommissaris ûnderhâldt dêrom kontakten mei ûnder oare de fleanbasis Ljouwert, de dykgraaf fan it Wetterskip en mei it Iepenbier Ministearje. De kommissaris advisearret, ek as der net om frege wurdt, de regering of ministers. De kommissaris liedt ek fersiken oan it Keninklik hûs troch. As de Kening yn Fryslân op besite komt dan begeliedt de kommissaris him. Hjirûnder fine jo in filmke mei in ympresje fan de streekbesite fan de Kening en de Keningin op 13 juny 2016.

De kommissaris set him yn foar bestjoerlike yntegriteit yn de provinsje. De kommissaris fan de Kening hat út namme fan it ryk fierder in wichtige rol by it beneamen fan boargemasters en by keninklike ûnderskiedings en hy kin bemiddelje by bestjoerlike problemen yn in gemeente.

Mear witte oer taken fan in Kommissaris fan de Kening?

Hjirûnder fine jo in oersjoch mei taken dy’t in kommissaris útfiert, mei hjir en dêr foarbylden.

Taal Kiezen